december 14, 2023
fan Jan Steen*
It barde tusken Sinteklaas
en Jezus-yn-de-stâl spontaan:
de ynstruminten kamen samar
foar it ljocht en beppe socht
har sjongboek op, wylst pake
skonk himsels in wyntsje yn:
‘Makkers, staakt uw wild geraas!’
De fluit klonk en de doedelsek
begûn syn deuntsje ek te jaan,
wylst beppe hege toanen kraaide,
foel de mem mei ’t berntsje yn
en proaste pake op it
krystbern, blafte ek de hûn:
‘Wellekome op ons plek!’
Doe’t pake ’t lêste slokje naam,
brocht de fioele him yn ’t sin,
hy moast ek achtslaan op ’e snaren,
foar it krystbern en bernsbern
begûn er jankend op te
spyljen: ‘Op is alle wyn,
nu zijn wij hier blij tesaam!’
* Jan Steen (1626-1679)
Skilderij ‘De fleurige húshâlding’
december 13, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Al wer spriek God my oan as soan,
diskear om wegen út te setten
dêr’t de foarst fan Babel oer koe,
it kaam no op ’e rjochting oan.
Ik snie foar him in wizer út
om op ’e twasprong del te setten,
dat de foarst fan Babel sjen koe
de rjochting foar in fêst beslút.
Nei Rabba rûn de iene wei,
de haadstêd fan de Ammoniten,
nei Jeruzalem de oare,
wat alles oer it kweadwaan sei.
In pylk joech krekt de rjochting oan
en ek de stim fan it orakel
liet Jeruzalem lûd hearre:
foarst Sedekia hie ’t bedoarn.
Syn hege troan giet oer de kop,
it lege wurdt op hichte setten,
Hy dy’t komt, hat rjocht fan oardiel
en ropt it folk ta rjochtdwaan op.
* Foto ‘Twasprong’