Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mysterieuze Snitswike

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Gjinien sit achter de geraniums
om ta te sjen op ’t sûpend folk,
dat fan de folte oant de leechte stoeit
en ek oarsom, de blaas as tolk,
it is op ’t lêst de dyk dy’t bloeit.

Gjin minske is dy moarntiid op it dek,
hoewol’t de sinne lang al skroeit,
ek op ‘e tinte dy’t derboppe sweeft,
it is ’t mystearje dat hjoed boeit,
syn triedden om de fleskes weeft.

Image

En sjoch, dêr steane tolve kreas rjochtop,
wylst oeral folk te dreamen leit
oer folle fleskes yn in lange nacht;
wannear’t de ploech yn bier wer baait,
stean alle lege noch op wacht.

Image

admin

Skippersfrou

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It gie mar troch, de iene nei de oare
waard berne yn de lytse roef,
gjin romte foar in stik of tsien,
mar dochs, wylst heit yn terpgrûn groef,
dêr hiest noch ien!

Wol trettjin ûnderbroeken oan de line
as ’t skûtsje tsjin de reiden lei
mei romte foar it bernespul,
wylst mem it mannewaar opsei:
gjin flauwe kul!

De tiid gie troch, it iene nei it oare
waard berne foar de twadde kear,
dat fjirtjin kamen yn de striid,
mar dochs, de frou as mem de ear:
deselde tiid!

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum