Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It giet foarby

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Neat is bliuwend op ‘e ierdplaneet,
al is it ek fan ’t hurdste stiel,
de tiid giet troch, grypt alles beet,
lûkt útinoar wat wie earst hiel.

’t Giet nei boppen ta as in raket,
fier boppe tsjerketuorren út,
de mins wurdt yn de hichte set,
der is gjin tiid foar in dispút.

As de wjerljocht komt er waanwiis del
en flammet fjurrich op syn flecht,
de helswaai makket him net kjel,
hy wit fan firtueel en echt.

As it lûd ferstommet, is it oer,
der komt in brek, it rekket plat,
wat oerbliuwt, is de tsjerketoer,
ek dy treft ienris ’t selde lot.

Image

admin

Iepen sliepe

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Nachts sykje se de hichten op
en sweve mei elkoar as protters
yn in swerm fan links nei rjochts
en op en del, dan nei de top,
wa hat it dan oer botters?

Image

Earst yn de neinacht giet it op
de delte ta, skean nei de botter,
rekket ien fertiisd yn ’t net
fanwege dize yn de kop
as hied er him ferwrotten.

Image

Dêr leit er útteld op ‘e búk,
want solo giet er troch it libben,
oars as ’t duo ûnder seil,
yn alle iepenheid dochs smûk,
fannacht wie dat har stribjen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum