Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Earnstspul

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It waar draait troch fan moai nei min,
ken soms in fêste perioade,
wat faak útdraait op geweld;
wa’t him ferdjippet yn ’t ferrin,
sil net komme ta in koade.

Image

’t Geweld briek los mei flitsend fjoer,
dêrnei it klappen fan de tonger,
tusken beide siet gjin tel;
wat folge hie in koarte doer,
want de flammen hiene honger.

De trieddeskermen, rjocht oerein,
ha fan de bûtenwrâld ôfsletten
’t spul dat oerbleau nei ’t geweld;
it spul gie troch, droech of mei rein,
want de bern ha ’t rap opsetten.

Fan latsjebarten ’t tintekamp
yn ’t sintrum foar in tal dakleazen,
want it libben draaide troch;
de bernekoade ken gjin kramp,
der is foar ’t earnstspul keazen.

Image

admin

Dûbelshow

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se wiene yn deselde berm,
de swiere jonges en it lichte spul,
de iene docht it mei de earm
en fynt in wjuk mar flauwe kul.

Image

It gers wie toar, it kaartsje skier,
mar dúdlik is: net sûnder koarte broek,
de swiere jonges goaie fier
en binne yn it showen tûk.

De rôze fleur fan blommen loek
it spul dat dûnsjend oer it bermgers fleach,
natuerlik showend sûnder broek
en foar reklame ek gjin each.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum