Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Symbioaze

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is ien fan syn wrâlden,
dy’t him wolkom hjit as gast,
dêr’t hy him thúsfielt nei de reis,
omdat hy yn de kontekst past
fan nim ’t derfan, it sil yn libben hâlde.

It hat wat fan in rage,
beide ynsteld op elkoar,
mar hy stekt djipper, nei de kearn
fan libben, wylst er foar de oar
it heale libben meinimt as bagaazje.

Men kin net om him hinne:
yn syn kamûflaazjepak
besoarget hy de wrâld de groei
fan ’t ûnegaal, harmoanysk plak
ôf, wylst syn gasthear strielet as de sinne.

Image

admin

Mislearre race

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Net dat er fan wie fan twa stelten,
want hy wie koartpoatich, mûzefalk,
mar as er sweefde op termyk,
seach hy ferfeling ûnder ’t folk,
der moast wat barre yn de delte.

In race koe ’t libben wat fersette
tusken fûgels mei it stal gelyk,
mar wol ferskil yn it parkoers,
foar beide wie ’t in goed ferlyk,
diskusje waard yn ’t foar al sletten.

Net dat er fan wie fan de reager
of de eibert, want hy wie neutraal,
sadwaande lei er sels op koers,
’t mislearre troch ferskil yn taal
en amper folk, dus fierste meager.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum