december 22, 2023
fan ûnbekend*
Lang sweefden fûgels boppe Bukit,
wiene hearskers sûnder grins
oer heuvels, strân en oseaan,
sy hiene dêr it ryk allinne,
want op Bukit wie gjin mins.
Miljoenen jierren letter strânen
minsken dêr, de sapiens,
de homo sûnder baan,
de fûgels wiene net allinne
baas mear, dat wie ek de mins.
Hjoed sweeft noch wol in fûgel boppe
Bukit, dy’t de minske sjocht
yn lúkse sûnder acht
te slaan op him dy’t is allinne
oerbleaun, fûgel sûnder rjocht.
* Foto ‘Bukit op Bali’
december 21, 2023
fan Georges Rouault*
It binne trije rjochters
dy’t de ienheid fan de steat
ferbyldzje dêr’t tal minsken yn
ferkeare, sawol dei as nacht,
fierwei de measten folgje
wetten fan de sletten steat
en dogge neat ferkeard.
Der binne trije oaren
dy’t de ienheid fan de geast
ferbyldzje, iepen nei elkoar,
ferkearend sawol dei as nacht
yn steat fan bang fermoeden
dat sy foar de rjochters stean
dy’t foar it steatsrjocht gean.
De trije rjochters rjochtsje
har op god, dy jout de steat
it rjocht fan eigen wet sprekt rjocht
wat krom is mei de seine fan
de pryster fan it Kremlin…
wêr’t de trije oaren ek
foar stean, sy binne gek.
* Georges Rouault (1871-1958)
Skilderij ‘De trije rjochters’