Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Minister wurde

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Lit it echt sa wêze:
elke dei in aventoer,
dus lit ús sa mar leare,
dat is cool en stoer,
wy kinne mei de skoalle lêze.

Sjoch myn kleure hannen
mei it each op ûnderweis,
dus lit ús sa mar leare
mei ússels op reis
as Odysseus nei fiere lannen.

Soe it echt sa wêze?
Altyd sifers en ek taal
om foar de test te learen,
sommen oer op skaal
en dan ek noch begripend lêze.

Lit it mar gewurde
hoe’t wy sweve op ‘e wyn,
dus lit ús sa mar leare,
fantasy sit yn
ússels om alles noch te wurden.

Image

Soe it echt wat wurde?
Rekkenje yn plak fan gym
om foar de test te learen,
want dan wurdsto slim,
sa kinst ek noch minister wurde.

admin

Sulver

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Gjin maitiidswinter koe it keare,
ek gjin simmerwetter foar de doar,
hy sette út it eigen spoar
en troch foar goud en eare.

It spoar rint troch de glêde bochten
fan hoe skrept men nei Olympia,
dêr wol elk minske graach op ta,
it goud dat him ferljochtet.

Hy set fûl ôf yn alle bochten,
hâldt de gong deryn op ’t rjochte ein,
oan him is ’t goud noch net fersein,
hy fjochtet foar syn rjochten.

’t Kin op ‘e streek in bytsje skele,
minder as it puntsje fan de reed,
’t gefoel ferskilt sterk fan in weet,
’t ferlies moat men dan fele.

Gjin maitiidswinter koe it keare,
ek gjin simmerwetter foar de doar,
it sulver die er it ek foar,
de buert koe oer him beare.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum