december 28, 2023
fan Peter Paul Rubens*
Wêr binne de twa ingels bleaun
no’t hjoed de dei ek bern noch
flechtsje moatte foar de macht
fan beulen, honger en geweld,
it bliuwt foar harren altyd sneon.
Sy kinne net nei skoalle ta,
de snein wurdt harren ek net
gund, sy bliuwe yn de nacht
fan wekker wurde nei in dream
oer merjes, folle mear as twa.
Gjin byld fan ingels ûnderweis
en heit en mem mei ’t lytse
bern, de ezel mei syn fracht,
de dream dy’t oars ’t ferhaal fertelt:
beskerme troch dy twa op reis.
Wêr binne de twa ingels bleaun
yn dizze sekuliere
tiden mei fassisten oan
de macht, de kroan op stream nei stream…
it bern wurdt op ’e nij ferdreaun.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘De flecht nei Egypte’
december 27, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
It is in boadskip foar de heechsten
yn de stêd en op it plattelân,
fan harren bliuwt gjinien yn stân.
Foarmannen binne as de liuwen
dy’t ferskuorre grânzjend harren bút,
sy rûpelje de earmen út,
ferrykje har mei kostberheden.
De prysters dy’t God tsjinje moatte,
hawwe foar it folk de wet ferdraaid,
sadat de sabbat har neat seit,
wat hillich is, wurdt sa ûnhillich.
De hege hearen binne wolven
dy’t ferskuorre bút, ferjitte bloed,
it folk fielt him foargoed yn noed,
omdat sy mei geweld ynklauwe.
Profeten dy’t har oppenearje,
strike alles ûnder witerskalk
en wolle ha, sy binne tolk
fan God mei falske fisioenen.
Lânadel hat de aard fan rôvers,
hâldt de lytse man derûnder, slacht
de frjemdling del en jout gjin acht
op wat it rjocht fan minsken freget.
It boadskip koe Gods fjoer net keare,
dat ferdylge hat de hegerein,
syn grutskens yn de jiske lein.
* Foto ‘Liuw’