januari 1, 2024
It stekt hjoed nau, in ier begjin,
it riist heech op, al nei de top,
’t stekt fan ’e moarn skerp ôf
tsjin tinten fan it nije jier,
sjedêr in hecht gebou.
It giet yn dizze iuw lang mei,
behalve as de stoarm stekt op
fan watfoar ramp dan ek,
gjin noed, want east leit nochal fier
fan west, sa is ’t mar krekt.
Korrekt is ’t net, want oer de grins
fan east nei west klinkt wer de rop
om help tsjin rûch geweld
tsjin boarger yn in wif gebou,
sadat gjin libben telt.
It stekt hjoed nauwer as men tinkt:
de fijân hat in hurde kop
dy’t ôfstekt tsjin it ljocht
dat sprekt fan frede, freonskip, trou
oan opbou fan it rjocht.
december 31, 2023
fan Vincent van Gogh*
Flitsend fjoerwurk yn de nacht
om âld nei nij te fieren,
al it âlde giet foarby,
geweld kin der nei fluitsje
as skel fluitsjend yn syn plak
de pylken sjitte yn de hichte,
âld wurdt flitsend nij.
Lit raketten yn de nacht
de himel net ferljochtsje
om in wûne yn it hert
te slaan fan folk dat fleurich
oer de drompel soe fan âld
nei nij, mar rekket yn de lichte,
âld is sa’n raket.
Slaan fannacht breadronken acht
op stjerren oan de himel,
al miljarden jierren âld,
draai fleurich fluitsjend mei de
romte troch fan âld nei nij,
men is oan dizze tiid ferplichte:
ljochtsje by de wrâld.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Stjerrenacht’