Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op ‘e Feanhoop

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch blinkt it glês, in blauwe sinne,
mar der is gjin fjoer
mear Op ‘e Feanhoop,
it bouwurk bliuwt allinne oer.

In spegel is it foar de blêden,
mear as alle bern
fan Op ‘e Feanhoop,
it leave libben gie ferlern.

It byld sa leaflik yn beweging
bliuwt in rest fan oer
nêst Op ‘e Feanhoop:
in houten skûte en in toer.

Image

In inkeld bern rint noch dertusken,
op ‘e syk nei mear
yn ’t hôf fan Eden,
mar Eva stiet net langer klear.

Dochs ûnnatuerlik yn de hichte
sprekt him oan in ko
yn ’t hôf fan Fryslân,
it leave libben yn it no.

Image

admin

As foarbyld yn byld

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Lûkt foar him de dei ek nei de jûn
as foarbyld foar syn generaasje?
Hy skrept noch ta en eaget sûn,
dus libbet er mei faasje.

Image

Reade streken lûke him wol oan,
gjin jûnsread, mar de arkeplanken,
it twadde ûnderdak as kroan
op syn bestean… mei ’t famke.

Sechtich jier tegearre troch de tiid,
mar mei de arke no allinne
is ’t byld foar him wat minder wiid
om nei de jûn te rinnen.

Jûn komt hy mei ’t arkespul yn byld
as foarbyld foar syn generaasje,
it is mar krekt hoe’t ien him fielt,
men libbet by de graasje.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum