Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferskowende tiid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wolken binne net te kearen
troch in stek dat iepenstiet,
net troch it brein dat sjongt it liet
fan simmermoarn oan dy de eare.

Iepen stie ik foar de romte,
rinnend op ‘e Grienedyk
en oeral wie ik tagelyk,
behalve by dy iene kromte.

Bûgend hold ik op mei sjongen,
yn it brein krong djip it griis
oant donkerblau, wat makke wiis
dat tiden hawwe eigen gongen.

’t Ljocht lit ik net langer skine
oer in simmerskoft foarby,
mei greiden bûnt fan kleur en kij
en troch it hea in swylmasine.

Image

admin

Breingif

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Noch bringe se de wille,
fûgels fan it lege lân
dat hieltyd leger wurdt:
it gif komt út ús hân
en hat it gea ferstille.

Image

Noch lit er him hjir hearre,
op ‘e peal klinkt syn alarm
omdat it dreger wurdt:
it gif is nei de noarm
om krekt noch net te stjerren.

Noch hakket er de gatten
yn de beam, noch krekt net dea,
dat heger komt er net:
it gif krûpt yn syn brea…
begjint ús brein te wrotten?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum