Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mei streken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Gaotysk leit it lân derhinne,
helte slimmer sûnder snie,
dy’t tsjinnet as in skamkleed;
de moanne dy’t de foarstap hie,
wit al: winne sil de sinne.

It ljochte skamkleed wurdt fuortnommen
as de kranen jouwe ’t lûd
fan hjoed wurdt djipper groeven,
want yn de takomst komt it goed,
wit dat farren ’t moed ferrommet.

It dûbel spoar docht soks mei streken,
stekt wol donker ôf tsjin snie,
dy’t tsjinnet as in skamkleed,
dêr sûnder komt it ta de die…
managers ha earst noch preke.

Image

admin

Koershâldend

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As de spjir riist boppe keale tûken
nei in nacht mei froast en snie,
de moarntiid wit mei ’t spul gjin rie,
dan wol it noard de geasten lûke.

Frije geasten dy’t der net fan grize
om te fleanen yn de kjeld
as guozzen om’t de wjukslach telt
en mocht ien al de koers ferlieze…

Tusken snobberswinkel en La Bamba
stiet Gerbrandy yn de kjeld,
foar Friezen yn de slach de held
dy’t him net foar syn ôfkomst skamme.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum