Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kikkertprinses

Keunst
PDF Print E-mail
fan Viktor Michajlovitsj Vasnetsov*

Image

Aljonoesjka, Russysk moaiste,
faam mei eagen dêr’t de siel yn blinkt,
de wetterspegel dy’t dy winkt
as griene djipte dêrst dy earder al mei toaidest.

Kikkerts hawwe dy hjoed roppen,
want do kinst har kwêkerstaal ferstean,
dyn winsk is klaaie yn dy klean,
want út ‘e griene djipte wurdst prinses fan boppen.

Mar dêrboppe binne machten
dy’t oerhearskje wa’t har toait mei ’t grien
fan ’t Russysk lânskip en begien
is mei de djipte dêr’t de kikkerts op har wachten.

Aljonoesjka, no bist finzen:
dûnsje litte sy dy op ‘e snaar
fan eigen wil, in grut gefaar,
mar yn dyn djipgrien kleed fljochtst mei de swan oer grinzen.

Image

* Viktor Michajlovitsj Vasnetsov (1898-1926)
Skilderij ‘Aljonoesjka’
Skilderij ‘De kikkertprinses’

admin

It marferhaal

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*
fan Gert Jan Veenstra**

Lit de mar ’t ferhaal fertelle
oer de fariaasje fan de wyn,
dy’t opstekt en wer lizzen giet,
de stilte en de gong deryn
fan boaten, rap as swellen.

Image

Argenteuil ken syn regetta
tusken wenten en de bakboardswâl,
dêr’t amper noch in suchtsje stiet,
elk winsket him in helderol,
mar kin gjin wâl fersette.

Snits syn mar kin sprekken lije
tusken kanten kilometers fier:
’t ferhaal fan fariaasje giet
oer silers yn it spier
troch wyn en geast dy’t frije.

Image

* Claude Monet (1840-1926)
Skilderij ‘Sylboaten, regetta yn Argenteuil’

* Gert Jan Veenstra (1957-…),
in Fryske skilder dy’t ferskate kearen
de Snitser mar mei sylwedstriden
op doek set hat.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum