november 8, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan F. Boulanger* fan Michaël Borremans** De finsters sjogge út ‘e hichte del, de blauwe tusken wolken dêr’t it flitst fan do en swel, foar ’t folk de himeltolken. De finsters sjogge op it godsfolk del En rint ien by de broadsjekarre del, ’t Leit oars mei him dy’t yn de rite sit Hy sjocht yn spanning op ‘e finsters del * F. Boulanger (1819-1873) ** Michaël Borremans (1963-…) |
november 8, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Jacques-Louis David*
’t Wie middenyn de revolúsjetiid fan ’t Frânske folk dat foar de frijheid keas en tagelyk foar altyd keningleas: ‘Allons enfants, wy geane folút foar de striid!’ Hy neamde him in freon fan ’t Frânske folk, Marat, de keardel mei in dikke hûd, Charlotte, revolúsjefaam mei moed * Jacques-Louis David (1748-1825) |