Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferwylge

Keunst
PDF Print E-mail
fan Vincent van Gogh*

Image

Hy hie geniete fan de sinneblom
yn Frankryk, fan de tinten
dy’t de himel jout;
kom dêr yn ’t noarden mar ris om
mei klinten noch fan seadden boud.

Mar doe’t er troch de giele fjilden rûn,
troch ’t libben swier ferwûne,
mei de hel fertroud,
seach hy de sinne op ‘e grûn,
de strielen bûgd as yn de rou.

Noch ien kear kaam it langstme yn him op
nei ’t noarden mei de grauwe
streken fan de bou
dêr’t bodde waard mei bûgde kop:
ferwylge blommen, boer en frou.

Image

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Stillibben mei sinneblommen’
Skilderij ‘Boeren dy’t jirpels sette’ 

admin

De fiifde pleach

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Turner*

Image

Fjouwer pleagen hiene west:
de reade Nyl as streamend bloed,
de sprong fan kikkerts nei de kiel,
langskonk-ynsekten as in floed
en brimzen yn it waarme miel,
mar farao fûn dat wol bêst.

Mozes gie doe nei ’t paleis
mei ’t swarte boadskip fan pleach fiif
dy’t griep de bisten by de kiel,
mar ’t kaam de stiifkop net oan ’t liif,
hy sette him oan ’t waarme miel
mei lapen poerbêst hynstefleis.

Wolken wâlen oer it gea
en fierden oan de bistepest
dy’t griep de dieren by de kiel,
mar ’t fegetarysk miel wie bêst
genôch foar farao, syn siel
wie sletten foar de massadea.

Farao hat fierder teld,
oant njoggen earst, doe kaam de nacht
en eangstich waard syn stive siel
dy’t sloech op eigen rûnte acht,
it needlot waard by tsien syn diel:
‘Jo soan is dea,’ sa waard him meld.

* William Turner (1775-1851)
skildere ‘De fiifde pleach fan Egypte’
yn in heroysk lânskip,
ien fan de skaaimerken fan de Romantyk.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum