Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nij regear

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
Net te tellen triedden
hingje foar de eagen, want de wrâld
koe lang gjin sprekken lije
yn de tiid nei it begjin,
doe’t Kaïn hufte Abel dea
en Lamech makke noch mear kâld,
Napoleon hie letter gjin
begrutsjen mei soldatelea
en Hitler moarde mannichfâld
om’t Kaïn ’t bruorrebloed al siedde…
wa soe as wylch net treurje
om de deaden sûnder sin?

Net te tellen binne
dieden fan de lytsen yn de wrâld
dy’t grutte wurden mije
yn de tiid fan it begjin:
de omslach nei in nij regear,
in Abel dy’t fan dieren hâldt,
in Ruth dy’t sikers liede kin
en Age stiet foar flechters klear,
dan Rinskje, warber hoewol âld,
want alle dagen riist de sinne,
dan sille triedden fleurje,
sels de deaden krije sin.

admin

Nei fjirtjin staasjes

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
fan Willem Hesseling*

Image

Fjirtjin staasjes mei it krús foar eagen
rûn er troch de strjitten by de hichte op,
gjinien sei ho, net fierder, stop,
dus hat net ien syn libben weage.

Fjirtjin beammen steane nêst de paden,
krusen foarmjend om it lijen leech en heech,
wa raast it út by heech en leech
dat leed stekt djipper as slachskaden?

Fjirtjin, twa kear sân, mei folle faasje
fljocht it by de hichte op of der tsjinoan,
hoefolle binne net Gods soan
of dochter nei syn fjirtjin staasjes?

Image

* Ikoan nei skilderijen fan Willem Hesseling

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum