Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Spoare

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Gjin spoar mear fan ’t ferline
doe’t der groeven waard om grûn
foar ’t hege spoar
om stêden te ferbinen.

De winter lûkt noch spoaren
yn ’t Spoardok mei ’t deade reid,
mar sterker komt
de maitiid al nei foaren.

De oergong tusken beide,
dok en spoar, stiet fol yn bloei,
der is gjin spoar
mear fan ferline reiden.

De reizger sjocht it oare:
wizertikken yn it rûn,
de trein dy’t komt,
it moat it jier troch spoare.

Image

admin

Brekber

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoe brekber binne stiennen
as geweld de oerhân krijt;
it pún, dat berchheech leit,
gjinien slacht dêr trochhinne.

Hoe kin de Himalaya
brekke oars as troch in macht
dy’t ek it libben slacht,
in klap om oer te kleien.

Hoe brekber binne minsken
djip bedobbe ûnder pún;
it bloed fan foet oant krún
ferkleuret hoop en winsken.

Fearkrêftich is de bôge,
hout dat út ‘e púnheap riist,
wat op ‘e fuortgong wiist,
gjin libben is foltôge.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum