Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wurkjende tiid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De tiid giet hinne en komt wer
yn ’t lân fan terp en dyk,
in hichte hjir, in lichte dêr,
de tiid hie doe, hat no gelyk.

De terpen ha de hichte hân
om weagen te wjerstean,
dy’t rôlen oer it platte lân,
mar koene net oer minsken gean.

De terpen hiene har tiid hân
mei ’t bouwen fan de dyk,
de grûn kaam oer it skrale lân,
de skûtsjeskipper hie it ryk.

De hichten komme mei de tiid
werom, no foar it sicht
nei alle kanten, wiid en siid,
it tilt sa op, ’t gefoel is licht.

De skipper fart deroan foarby,
containers binne swier,
de tiid feroaret wer it tij,
is altyd foar it folk yn ’t spier.

Image

admin

Net swart-wyt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Solo rint er troch de greppel,
swart mei inkeld wyt de blês,
de markol, fûl yn elke striid,
brûkt foar himsels de measte tiid,
sjocht mei in gnyske nei de rêst
fan swannen, neat foar him… in keppel!

Keppel? Duo moat er sizze,
mar hy sjocht it net swart-wyt,
as ’t swannestel it wurd mar snapt
wat hy dêrûnder ek beflapt,
gjin keppel bern sa’t soks faak giet,
lit dus it duo mar stil lizze.

Duo? Dat wie foar de aaien,
willetiid foar feint en faam,
mar ’t guozzestel is no beset,
tiid foar elkoarren is der net…
advys om distiid oer te slaan?
De swannen binne te bekleien!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum