Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Keunstich paad

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Brûk liniaal en kleurpotlead
en lûk de swarte streken
yn de breedte, dan ek fertikaal
en kleurje blau, giel, swart en read,
de keunst komt fan de leken.

Image

Wa’t sa tinkt, libbet mei de waan
dat alles komt yn streken
sûnder keunstners mei har byldferhaal,
sjoch leaver nei in Mondriaan,
dy nimt de leek geweken.

As leek gean ik it keunstich paad
fan samar smiten stiennen,
dat natuerlik sprekt op grutte skaal,
want breed en lang is ’t nei de aard
fan wa’t gewoanwei rinne.

Image

admin

Kontinu projekt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wa’t gjin projekt hat, docht net mei,
fan op papier oant digitaal,
it giet mar troch by nacht en dei
op grutte, mar ek lytse skaal.

Image

Wat grut is, hat ferlet fan mear:
de Fryske marren wreidzje út,
ferheegje dêrmei ek de sfear
foar ’t fûgelguod, fan ljip oant klút.

De fûgels ha ek in projekt,
grutskalich, alle dagen troch,
want swart op wyt slacht oan en sprekt,
de rop fan ljip en klút is: sjoch!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum