Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ljochtsjend teken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Der binne fêste streken:
skieding tusken wiet en loft,
ek tusken blau en grien…
hoe lang hat hy yn ’t lânskip stien
foar ynspiraasje? Faaks in skoft
of sloech it ljochtsjen yn as teken?

In teken dat him rekke:
skieding tusken twa kear ljocht,
de kym om oer te gean…
oan diskant bliuwt er leaver stean,
om’t ynspiraasje derta brocht
de eigen kimen oer te stekken.

It skaad falt oer de eagen,
want it ljocht komt djipper wei
foardat it doek it heint,
it rûnom slagge tinten reint,
wat is it teken fan de dei,
dat strieljend yn de keunstner weage.

admin

Rikjend fet

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De âldste fan de diskemerk
– fan boxershort oant billestring –
en ier al op in gaadlik plak,
tink net hy is in sûnderling,
syn hannelsmerk is sterk.

In lúkse camper lit him kâld,
hy hat mear mei in rustich fet
dêr’t hy it ikehout yn brânt,
in oare soarte brûkt er net,
syn ark is like âld.

As boer wie hy benaud foar brân,
mar hjoed hat er ferlet fan fjoer,
noch mear fan reek foar syn forel
en reade poan, net al te djoer,
syn fisk moat fan de hân.

It waar is waarm en ek it fet,
foar rikker-boer is ’t grif in griis
dat short en string de foarkar ha,
dêrnei de trije boltsjes iis,
sa’n bradery… cool-fat.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum