Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Aldjier

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter Christoffel Wonder*

Hy hie as jonkje wjukken krigen
en in kleed fan read satyn,
him waard in protte lok tawinske,
sa fleach er licht de takomst yn,
gjinien dy’t him doe al bedrige.

Mar nei de alderearste wike
fong er al in bermbom op
en fierder by de kearnsintrale
waard hy bestriele sûnder stop,
in swiere lading, sa die bliken.

Troch alle tolve moannen hinne
rekke hy syn lichtens kwyt,
it reade kleed wie ek ferskiere,
hy smiet it leech en seach… net kyt,
it lok koe ’t net fan ’t ôffal winne.

Image

* Pieter Christoffel Wonder (1780-1852)
lei him ta op ‘e portretkeunst
en op it kopiearjen fan âlde masters.

admin

Bewekke

Keunst
PDF Print E-mail
fan August Allebé*

Image

’t Wie bard, se diene harren plicht
op dizze swiere oarlochsdei
en kearden harren om,
op wei nei de kazerne,
doarren sloegen ticht,
gjin gjalp marsjearre mei,
in steechje hold him stom,
want dêr wie ientsje berne.

De sinne hie dy dei wol skynd,
as tsjûge fan it streamend bloed
waard hy beskamsum read
om daliks wei te wurden,
mar wa’t siket, fynt
it plak dat eaget goed:
hy seach de nije leat,
ûntkommen oan de swurden.

Hy ljochte alle muorren ôf
en waard de wachters doe gewaar,
de akster, ko en hin
as tsjûgen fan de berte;
’t berntsje wie te gau,
lei neaken foar ’t gefaar,
mar klaaid mei libbenssin,
troch dieren waam omsletten.

* August Allebé (1838-1927)
skildere benammen sjenrestikken,
wie ek heechlearaar en letter
direkteur fan de Amsterdamske
Ryksakademy.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum