februari 8, 2025
fan ûnbekend*
Pamunda-eilân, oard dat wolkom hjit
de seeman dy’t fan fier komt,
dêr syn anker falle lit
foar in skoftke of foargoed.
De iuwen troch kaam foar de wyn de float
fan hannel op Pamunda
oan, ferkocht waard by it soad
speserijen foar de smaak.
Pamunda-eilân foel ek yn de smaak,
sadat de hannelslju dêr
bleauwen mei in eigen saak,
’t eilân wie syn tiid foarút.
Wa’t yn de hannel takomst hawwe wol,
moat farre nei Pamunda-
eilân, foar de wyn en fol
speserijen foar de smaak.
* Foto ‘Pamunda-eilân yn de Zanzibar-archipel’
februari 6, 2025
fan Frans van Mieris*
Mei de sjippe yn de skulp
en it pypke yn de mûle,
beide wangen read en bol,
blaast hy de iene nei
de oare bûle.
Yn it kouke boppe him
kin de fink allinnich hippe,
hâldt syn sankje noch wol fol,
mar kin dit libben oan
de frijheid tippe?
Bûlen fleane troch de loft,
glânzjend mei ferskate tinten,
hoe lang hâlde sy it fol?
De blazer sjocht dernei,
oars as nei printen.
Printen bliuwe lang bestean,
mar sa net de wiffe bûlen,
want dy binne bol en hol
en brekke gau, hy sil
der net om gûle.
Mar de bûle dy’t gau brekt,
dêr sjocht mem it wiffe libben
yn… hâldt sy har rol wol fol?
* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘Bûleblazende jonge’