Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sjongende kleuren

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wa streket op dit stuit it blau
fan loft en stiel op dizze plaat?
De aksje wie oars net as gau
de hannen en de lins paraat.

Wat hat de skipper oan it byld?
As hy mar troch de brêge komt,
troch faasje yn de wolfeart dielt,
mei nocht heart hoe’t de motor bromt.

De harmony is foar him read,
fan moarnsread oant sinsûndergong,
fan Wide Ie oant Jeltesleat,
hy harket nei deselde song.

De fierte rikt in stipke oan
dat yn it blau rap griener wurdt,
it sjongt in liet op oare toan:
fan fleugel, túch en houten swurd.

Image

admin

Frontkwestjes

Lyrysk Deiboek

 

PDF Print E-mail
Image

De stjoerhut fier nei foaren,
want it giet net om it front,
wol om it lange achterdek,
sjedêr de swart mei giele pont.

In kwestje fan minuten,
want it wetter is net breed,
dus komt der al in brek of lek,
dan is der rêding út ‘e need.

De stjoerhut fier nei foaren,
want in camper easket plak,
wat letter liket it net gek:
op ’t eilân ha se ûnderdak.

In kwestje fan earst rôlje,
dêrnei ’t rêde mei de pont
en stilstean by de start en striid
fan ’t fanatike silersfront.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum