Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dei om fan te dreamen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat kin de moarntiid keare…
gjin wynwjuk dy’t de gloede brekt;
de triepeal dy’t de kop opstekt,
moat al syn nederlaach ferneare.

Stroom fan de earste strielen
sjit troch it swurk, gjin hâlden oan
en dat al yn de iere moarn,
it libben kin de spanning fiele.

Ien fûgel bringt de tiding,
syn flecht fertelt: it giet hjoed oan,
ek juster gie ’t en grif ek moarn,
de nacht allinnich bringt de skieding.

Sjedêr de transformaasje
fan ’t koele blau nei waarm en read,
de stroom slacht oer nei mar en feart
en streamt de fjilden oer mei faasje.

Ynienen sjitte streamen
fan libben troch it spanningsfjild,
sadat foar ’t folk op fuotten jildt:
it wurdt in dei om fan te dreamen.

Image

admin

Roefjonkje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De roef wie lytser as de stâl,
dêr’t man en frou yn wennen,
op dy dei ek heit en mem,
se wiene mei har jonkje mâl,
it wie dyselde nacht sûn berne.

Gjin ljochten hongen oan de gyk,
wol wie ’t dy nacht ljochtmoanne,
stjerren wiene ek te sjen,
mar net ien hoeder op ‘e dyk,
de boer hie wol de keallen boarne.

De boeren fan It Heidenskip
ha net de muoite nommen
om te kommen nei dat bern
dêr yn it krêbke op it skip,
wat koe har doe in skipper bomme.

It bern ferhuze nei de durk,
syn stâltsje om te sliepen,
wizen lieten har net sjen,
de eigenwiisheid wie oan ’t wurk,
doch gie de wrâld foar ’t jonkje iepen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum