Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan Snits nei Shanghai

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De moarntiid die sa suver oan
dat lucht de beide longen priken,
wylst de weinen jagen oer A-7;
diskusje like doe ferstoarn,
smog soarge fierderop foar liken.

Panorama Snits,
in metropoal allyk,
de ein fan wei,
tsien havens ryk,
foar elk in gids,
mar gjin Shanghai.

Ynienen prike ’t yn de noas,
de reek út withoefolle pipen,
dy’t op wei gie, útkaam by A-7;
it wie yn maart, dus koe ’t net oars…
de wei nei Shanghai wie wer iepen.

Image

admin

Status apart

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Breed, it breedst, dus breder kin it net,
de uny fan it swarte folkje,
dat gearkomt nei in djippe dûk,
dat is no ienkear it gebrûk
om sa de ienheid te fertolkjen,
want wet is wet!

Breed de wjukken sûnder dêrop fet,
lit dan de drippen mar ferwaaie
as ’t folkje mar in ienheid bliuwt,
wat ek de solofleaner driuwt…
wol dy dan mei de flerken swaaie?
Dat kin dus net!

Sjoch him sitten op in hege peal,
alhiel apart fan ’t unyfolkje,
hy makket him in meter breed
en jout in gjalp, lit ek in skeet
om ’t eigen ego te fertolkjen…
kleur heal om heal.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum