Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oan it miel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Antoon Claeissens*
fan Dirk Bouts**

Image

De pommeranten fan stêd Brugge
ha har foar in mieltsje eastersk klaaid,
men kin net altyd yn it swart
en moat ek wolris wat
mei read dat wat fan flammen seit
en kannen wyn, de muoite wurdich.

De froulju sitte yn in keamer
fierderop en op ‘e achtergrûn,
men kin net altyd mei it wiif
yn ’t span, ’t hat neat om ’t liif
dat praat oant yn de lette jûn,
dat hjir petear en dêr geëamel.

De tolve fan de earste oere
sitte mei har Hear oan ’t Pesachmiel,
ûnwittend fan de neare nacht,
slaan sy op ’t brekken acht,
elk kriget syn takomstich diel,
dy muoiten binne net te stjoeren.

Image

* Antoon Claeissens (1538-1613)
wie stedsskilder fan Brugge.
Skilderij ‘Feestmiel’

** Dirk Bouts (sirka 1410-1475)
waard berne yn Haarlem
en waard letter boarger fan Leuven.
Skilderij ‘It Nachtmiel’

admin

Wikseljild

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Hy hie gjin útsicht mear yn syn paleis,
want rûnom wie it bankgeheim,
dat groeide boppe each en holle,
hy sliepte lang en fêst oerdeis,
mar yn de jûntiid wie him neat tefolle.

Alear moast hy it dwaan noch by in kears,
sa draaide munt nei munt yn ’t rûn
dy’t klanten him by ljocht tarôlen,
it koe net oars, sy wiene bûn
oan wikseljild, syn krinten yn de bôle.

It útsicht kaam doe’t rûnom foel de brot,
de munt waard út syn fingers slein
en ien geheim wie noch tefolle,
hy wie net langer dollargod
of euroheld, moast om syn krinten dolle.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De jildwikselder’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum