Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dichter

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean-Auguste-Dominique Ingres*

Image

In Fryske dichter moat it dwaan
mei heechút tuorkes oan de kym
dy’t steande bliuwe mei subsydzje,
dochs sil hy in krânse jaan
fan syn gefoelens mei of sûnder rym,
net wis fan syn klandyzje.

Sjoch dan de timpel fan de Gryk
mei Zeus syn byldnis yn ’t timpaan
dy’t steande bliuwt op steunpilaren,
want gjin minske is gelyk
oan god, in boppeminskelike baan,
derûnder stiet de skare.

Homerus sit op ’t heechste plak
as dichter fan de heldemoed
troch faam Victoria bekroane;
’t dichtsjen is foar him in fak,
in maraton mei oan de ein de groet
as winner, heechop troane.

* Jean-Auguste-Dominique Ingres (1780-1867)
seach himsels as liedsman fan de klassike skilderkeunst.
Skilderij ‘De apoteoaze fan Homerus’ 

 
admin

Sosjale oergong

Keunst
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan Tintoretto**

Image

Hy hie it op ‘e tombe sjoen
en wist wat him te wachtsjen stie,
want doe’t er linich en noch sûn
wie, kaam er daliks ta de die.

Sa seach er him wer op ‘e Nyl
mei beide fuotten op ‘e boat
op fûgeljacht as nekrofyl,
omdat er fan dy liken hold.

Mar doe’t er sels op stjerren lei,
seach hy gjin inkeld lyk mear oan,
mar wol de tombe, dy’t him sei:
‘Sa siik as hjoed, sa sûn bist moarn.’

Image

Hy seach it yn in fisioen,
yn ’t libben al of oan it krús:
it wie it hiele minskdom jûn,
Hy kaam mei alle oaren thús.

* Tombe fan Nebamun:
‘En dit is wat ik nei de dea doch’

** Tintoretto (1518-1594)
Skilderij ‘It paradys’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum