Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sjit ta, ferjamme!

Keunst
PDF Print E-mail
fan Viktor Vasnetsov*

Image

De driging hat der altyd west:
sân koppen, fjirtjin tongen,
fan de oarloch oant de pest,
dy’t boppe bleate hollen hongen.

De strider hat der altyd west
mei pânser, swurd en grime,
hold oan ’t faaie libben fêst,
syn moed en swurd ha sân kear flime.

Ut noard en east en súd en west
bedriigje tûzen koppen
’t libben, rinnend op it lêst
sa’t liket, troch gjinien te stopjen.

Wêr binne lieders yn de striid
mei ’t skot fan ynspiraasje?
Koppen falle mei de tiid
en ’t faaie libben kriget faasje.

As wie it inkeld mar foar har
dy’t stiet foar tûzen fammen
mei in libben yn de war…
sjit ta mei striid en siel, ferjamme!

Image

* Viktor Vasnetsov (1848-1926)
Skilderij ‘Dobrynja Nikititsjs striid
mei de sânkoppige draak’
Skilderij ‘Aljonoesjka’

admin

Bliuwende bylden

Keunst
PDF Print E-mail
fan Akseli Gallen-Kallela*

Hy hat it each oer beide glide litten,
harren fêstlein op it doek,
se bleauwen by him,
’t wie net syn gebrûk,
mar wa’t de bêste takomst hie,
wa soe dêr net mei sitte?

Image

It sike jonkje hat it amper witten
dat er sketste op papier,
hy bleau koart by him,
fernaam it swit yn ’t hier,
de spanning fan hoe’t mem it die,
se koe net rêstich sitte.

Se neamden him in feilingjonge, sûnder
âlden waard sa’nien ferkocht
en bleau lang by him
dy’t stie yn ’t eignersrjocht;
hy leaude net yn goede rie,
allinnich yn in wûnder.

Image

* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
Skilderij ‘Mem mei siik bern’
Skilderij ‘Feilingjonge’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum