Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nikolaas yn bûnt

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Hy joech net samar in presintsje,
hoewol’t er al de namme hie
fan Sinteklaas,
wol lykas dy gau ta de die,
mei bûnt en kraach in hiele baas
en hoeden mei de sintsjes.

Gjin miter hied er op ‘e holle,
hy sierde him as wied er Rus
yn meters snie,
as keapman stie er yn de plus
omdat er gjin begrutsjen hie
mei marters, dêr tefolle.

Syn listke hie wat fan de winsken
dêr’t bern mei kamen foar it feest
fan Sinteklaas,
mar ’t gie oer ’t fel fan ’t brune beest,
want wa’t net rekke skeat, wie dwaas,
it bûnt hong om de minske.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Nicolaes Ruts’

admin

Libbensfazen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Caspar David Friedrich*

Image

Uneinich is de ivichheid,
de see rint oer de kym,
gjin skip dy’t dêr de steven draait,
it wurdt úteinliks ta in skym.

Sy boartsje tusken lân en see
en stappe yn de boat
mei spriet, foar earste twirkes ree,
mar mem ropt: ‘Fiere no dy skoat!’

It jeugdich each sjocht yn it grut,
it túch oan hege mêst,
it skip sylt oan de wyn, fart hurd
en heit ropt: ‘Oan dy skoat, ’t giet bêst!’

It skip, al healwei nei de ein,
kin noch wol stoarmen oan,
mar út it seil mist al in blein
en twa kear wie it miel bedoarn.

Wat kalmer wurdt it fierderop
mei ’t skip noch as in skym
en stadich sakket wei de top,
dan is allinnich noch de kym.

* Caspar David Friedrich (1774-1840)
wie de liedsman fan de Dútske Romantyk.
Hy skildere ‘De libbensfazen’ seis jier
foar syn dea.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum