Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lucretia

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Lucretia, wat silsto no,
jou oer, myn skat, dy dolk,
it libben is de muoite wurdich,
mei dyn eigen hert en folk
hast takomst… ho!

Myn folk, bliuw no op ôfstân stean,
want Sextus kaam my nei
en hat myn ear en libben oantaast,
wit, der is gjin oare wei,
dus lit my gean!

Lucretia, giet dan dy smjunt
frijút wylsto dyn hert
tekoart dochst? Wit, it libben kloppet
mei it rjocht fan dieders net,
dat is dy gund.

Myn neisten, kom net tichterby,
de dieder hat it wûn,
de oergong is de muoite wurdich,
‘k bin net langer oan him bûn,
foar ivich frij…

* Rembrandt (1606-1669)
De ferkrêfting troch Sextus,
soan fan kening Tarquinius,
wie de oanlieding dat Lucretia
har tekoart die.

admin

Sint Tomas en Jezus

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ferdinand de Braekeleer*

Image

Der wie mar ien dei yn it jier
foar bern, dy’t op ‘e hichte stiene
dêr’t de heit net komme koe;
Sint Tomas, net te leauwen, makke ’t wier
dat sy te machtich wiene.

Se wiene moarns al yn it spier
mei ballen, stokken, laai en kuorren,
wisten pake fynt it bêst,
ús beppe is der inkeld foar de sier
en heit bliuwt yn de skuorre.

Marije, nêst de doar, seach ’t oan
en lytse Jezus siet te laitsjen
om’t er wolris meidwaan woe,
mar mem tocht: Te gaoatysk foar myn soan,
dy Tomas sil him reitsje.

Se kriich gelyk, it rekke him,
want Tomas hold him net yn eare
om’t er doe net meidwaan woe…
‘Moatst harkje, fan wa is dy swiere stim?
Us heit! Kom op, no keare!’

* Ferdinand de Braekeleer (1792-1883)
hie in protte sukses mei sjenreskilderkeunst.
Hy wûn yn 1819 de Romepriis.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum