januari 29, 2024
De sinne komt hjoed prachtich op,
sa liet de waarfrou fleurich witte,
ik wie benijd, rûn by it wetter lâns,
de spegel fan de himel, dûbelop
it sicht, sy kriich gelyk.
Dus bleau ik stean, in slagge stop,
ik seach de himel bloedread kleurjen
mei op ’e foargrûn swart as skerp kontrast,
myn spegel sette alles op ’e kop:
in bombardearre wyk.
Ik stie ferstive fan dit byld,
it waard my read en swart foar eagen,
mar ’k seach noch wol de spegel mei in barst,
de grime spile op, de kop waard wyld
fan bylden… brutsen… bryk.
januari 28, 2024
fan ûnbekend*
fan Roger Fry**
Hoe rûn it fierder mei in faam
fan wa’t it senuwstelsel sonk
de neare djipte yn?
Begroeven waard wat har beneare,
it wie de bloei dy’t wonk.
Sy bloeide op troch ’t skreaune wurd,
liet har as feministe gean
de ljochte hichte yn,
waard troch ‘Bloomsbury’ heech wurdearre,
har firtuele lean.
Dat lean hie net it lêste wurd:
sy sonk mei ’t senuwstelsel, ek
mei stiennen, ’t wetter yn;
gjinien koe har fergean noch keare…
sy fûn harsels wer gek:
‘Ik fiel dat ’k op ’e nij it wurdt,
want stimmen wize my it paad
de ljochte djipte yn;
gjinien wol ik syn lok bedjerre,
dus is de dea myn maat.’
* Foto ‘Virginia Woolf’
** Roger Frij (1866-1934)
Portret ‘Virginia Woolf’