Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Utsicht hâlde

Keunst
PDF Print E-mail
fan Henri De Braekeleer*

Image

It is mar wêr’t men ’t meast fan hâldt,
it útsicht op ‘e kachel of de katedraal,
in strange winter of in hjitte simmer,
troch de mûle of de hân in haal,
it is de fraach fan man of frou
en ek hoe âld.

Hy hat it fjoer deryn en hâldt
de pipe as syn lêste waarme hobby heech
om âld te wurden yn in sûne stimming,
mei de lúsjefers wie ’t brânen dreech,
de reek fertelt him fan syn frou,
sy waard net âld.

Sy hat de gong deryn en hâldt
foar eagen dat it hantwurk berneneedsaak is,
sy wurket foar har eigen ûndernimming
mei it útsicht op wat boppe is:
de toer as teken fan syn trou
foar jong en âld.

Image

* Henri De Braekeleer (1840-1888)
skildere ienfâldige realistyske tafrielen.
Skilderij ‘De smoker’
Skilderij ‘Antwerpen: de katedraal’

admin

Drave mei oaren

Keunst
PDF Print E-mail
fan Willem Roelofs*
fan Charles Rochussen**

De himel wie noch fan azuer
doe’t hy it hynder drave liet
nei ’t iepen lânskip yn de fierte,
’t wie in lust sa’t hy dêr ried,
it hiele libben like puer.

Image

Doe loek de himel stadich ticht
mei molkich wyt foar ’t sinneljocht,
wat folge wiene steapelwolken,
dat de ruter hie gjin nocht
mear oan it puere fiergesicht.

De omslach kaam sa ûnferwacht
dat hy de libbensrin net seach,
mar inkeld dat hy wie allinne
mei syn hynder, dat doe fleach
foar flitsen út yn neare nacht.

De tonger kaam fan loft en grûn
troch hoeven yn wol fjirtichfâld,
syn libben draafde mei tsien oaren
oer de flakte, troch it wâld
en sa hat hy de rjochting fûn.

Image

* Willem Roelofs
Skilderij ‘Lânskip by opkommende tonger’ (1850)

** Charles Rochussen
Skilderij ‘Ruters yn in lânskip’ (1849)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum