Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Olympyske sprinters

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Turner*

Image

Twahûndert jier ferlyn
lei Londen ûnder wolken
fan belofte
mei in krânse sinneskyn,
ûneinich fier de kym,
in foarbyld foar de folken.

En yn ús eigen tiid
wurdt wier wat mei de loften
oer de stêd dreau:
ierdewiid de âlde striid,
Olympus as begjin,
foar goaden in belofte.

Twa ieuwen lyn, gjin god
kaam del om hjir te sprinten,
inkeld harten
namen hege horden flot
by Londens timpeltoer,
dat achter bleauwen printen.

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘London’

admin

Nei de skieding

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Turner*

Image

As de himel yn de jûntiid flammet,
wurde loft en wetter ien,
gjin kym kin dat patroan ferbrekke,
’t is mei it skieden dien.

Falt de nacht, dan sil dy net beskamje
wat de jûn oan ienheid brocht,
teminsten as it tsjuster hearsket,
’t is oars mei moanneljocht.

Brekt dat skynsel troch de wolken,
skôgje fiskers oer de see
nei ’t fleanen fan de wite gidsen,
sjedêr in gaadlik stee.

Weagjend tusken neat en folle netten,
wachtsje sy de moarntiid ôf,
as ’t sinneljocht bringt skerpe skieding,
begroetsje sy de frou.

Image

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Sinsûndergong’
Skilderij ‘Fiskers op see’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum