februari 8, 2024
fan ûnbekend*
fan William Turner**
No gappet er allinnich mar,
it meunster tusken see en lân
dat út ’e hjitte djipte wei
syn fjurrich aard it folk sjen lit…
wa’t tichtby wenne, hie gjin kar.
Hy wenne fier fan ’t meunster ôf,
hie nea syn driigjend gromjen heard,
syn fjoer ek net foar eagen hân,
hysels hie ek in fjurrich aard,
syn psyche reagearre gau.
Ferbylding brocht him tichterby,
hy heinde ’t driigjend gromjen op
en skôge de erupsje klear,
al hielendal nei eigen aard,
yn kleur kaam ’t oan syn each foarby.
Mar wa’t gjin kar hie, kaam net op
it doek, troch jiske waard it folk
bedobbe… William seach gjin kop.
* Foto ‘Krater fan de Vesuvius’
** William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Utbarsting fan de Vesuvius’
februari 7, 2024
fan ûnbekend*
Ezechiël
De Heare hat my witte litten
dat myn frou yn ien slach stjerre sil,
it wie earst net te leauwen,
mar ’k wit it no, ’t is nei Gods wil.
Ik mei gjin triennen rinne litte,
kleie sil ik ek net om myn frou,
hoewol’t ik it útskreauwe
wol: ‘As har man bin ik yn rou!’
De minsken wolle fan my witte
wêrom oft ik hjoed yn stilte klei,
se kinne it net leauwe
dat God my soks perfoarst ûntsei.
God sil it hillichdom ûntwije,
dat foar ’t folk is as in leave frou,
it mei fan rou net roppe,
al suchtsjend komt dit folk yn ’t nau.
Ik sil foar elk in teken wêze,
earst yn stilte, dan net langer stom
om alles út te lizzen,
mar dochs… myn frou krij ’k net werom.
* Yllustraasje ‘Ezechiël’