Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bystânsmem

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gerardus Terlaak*

Image

Lit ús weromgean nei de tiden
dat it sa gesellich wie,
want smûk yn de beheinde romte,
dêr’t memme brede briedstoel stie
mei heit ticht oan har side.

Sjoch hoe’t se yn de romte sitte,
sa gesellich by elkoar,
mem rjocht de rêch en yn de midden,
want dêr is mem de frou dochs foar…
en heit leit hjoed te switten.

Komt immen by har op besite,
klinkt dêr net in frjemde stim?
In dame tarrend út ‘e romte,
meilijend mei in bystânsmem,
neat falt har te ferwiten.

Lit ús weromgean nei de dagen
fan de eigen wide wrâld
mei bystânsmemmen oan de râne,
benaud bestean yn inkelfâld,
fergees har stille fragen.

* Gerardus Terlaak (1820-1865)
Skilderij ‘In rike dame op besite
by in earme húshâlding’

admin

Op ekspedysje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rafael Troya*

Image

Syn keunst wie as in ekspedysje:
sels troch ’t skilderlânskip gean
om by syn hege doel te kommen,
op ‘e berch as goadesoan te stean,
sa hied er nei de fierte fisy.

Doe kamen Dútsers, ek foar fisy,
wittenskippers, op ‘e grûn
fan Ekwador om dêr te kommen
op ‘e hichte, oeral yn it rûn:
de goadesoan op ekspedysje.

Hy klom rap op ‘e Kotopaksy,
seach wiidweidich fjilden oer
om doe de berch sels út ‘e byldzjen,
ûnder yndruk fan de wite toer,
fan Ekwador noch mar in fraksje.

* Rafael Troya (1845-1920)
gie as keunstner mei Dútsers
op wittenskiplike ekspedysje.
Skilderij ‘De Kotopaksy’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum