Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Byldzjend sûn

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Mankes*

Hy wie beheind troch tbc,
de sykte fan de koarte azem,
dat de lucht naam him net mei
nei ’t weagjen fan de see.

De fierte seach er troch it rút,
trochskinend fan syn lange siken,
ynspiraasje foar en nei,
syn keunstwurk ta beslút.

By ljochtskyndei de Wâldsterwei,
dy’t trochrûn nei de kleare fierte,
’t polderlânskip wie syn see
en weagjend dreau er mei.

Mar as de dize fan de jûn
oer wei en feart en greppels ware,
wied er wer op ’t eigen stee:
beheind, dochs byldzjend sûn.

Image

* Jan Mankes (1889-1920)
skildere syn lytse wrâld
yn in hiel persoanlike styl.
Skilderij ‘Wâldsterwei yn jûnsskimer’

admin

Mem as fan

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Image

Se ha har deljûn op it strân
of steane foar in better sicht,
benijd nei fan de striid de stân,
it skip is swier, it waar is licht.

It lichte boatsje fan de bern
moast daliks fan it wetter ôf,
sy kinne nei de wedstriid sjen,
mar skuorre leaver oan in tou.

De hear en dame, heech fan stân,
ha de regatta wol besjoen,
de fiskers binne wer op ’t strân,
de dei lûkt stadich nei de jûn.

It lichte boatsje fan de bern
hat no de kâns om mei te dwaan,
op ’t strân sit inkeld mem as fan
om nei de striid in tút te jaan.

Image

* Claude Monet (1840-1926)
Skilderij ‘De regatta by Sainte-Adresse’
Skilderij ‘It strân fan Sainte-Adresse’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum