Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De Bewuste

Keunst
PDF Print E-mail
fan René Margritte*

Image

Heech hie hy it yn de bol,
naam syn hoed mar selden ôf,
libbe yn it ûnbewuste,
blyn foar boppe as in mol,
seach de wrâld as yn in kou,
fielde him it aldergrutste.

Sjedêr, in do fleach foar him lâns,
in wite flits, syn lêste kâns.

De hoed kaam ôf, in glêde bol,
in spegel foar it himelsblau,
ûneinich ’t aldergrutste,
de kosmos waard fan stjerren fol,
bleau oan de earste skepping trou,
dy’t tocht wie de Bewuste.

Image

* René Margritte (1898-1967)
Skilderij ‘Man mei bolhoed’
Skilderij ‘De takomst fan de stânbylden’

admin

Klopjend nij jier

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Hy libbe slepend nei de ein,
want stadich kroep de âlde tiid,
dy’t eartiids, doe’t dy nij wie, flein
hie, mar doe wie de wrâld noch wiid.

Syn wrâld wie no de leuningstoel,
dêr’t hy syn prakkesaasjes hie
oer doe’t er libbe mei in doel,
mar hjoed oer hoe’t it mei him gie.

Hy hie syn twivels oer it nije jier,
dat by him kloppe op it hert,
hy joech him del, want stjerrend wier,
syn hert sloech noch, mear wist er net.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Sliepende âlde man’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum