Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It stille libben

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

It libben is in kleurespul
fan bûten boartsje yn de sinne
mei wol hûndert tinten yn it rûn,
in draaien tusken loft en grûn,
op wjukken hichte winne.

It oansjen fan in pauwesturt
is ’t wûnder fan in hûndert stjerren
yn in bôge, wol by ljochtskyndei,
betsjoening wurdt it bern yn wei,
it wjukket op dy fearren.

Image

It famke sjocht it hingjen oan
fan kop en sturt, de brede fearren
fan de wjukken binne noch te sjen,
de kleuren ha de glâns ferlern…
bern ha gjin weet fan stjerren.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Stillibben mei deade pauwen’

admin

Merakel fan Marije

Keunst
PDF Print E-mail
fan Roméo Dumoulin*

Image

Gjin mins bleau yn de hûs,
de waskfrou liet de tobbe stean,
de bakker smiet de bôle del,
de graver stapte út it grêf,
de berntsjes seachst út skoalle gean,
de swarte krieën skrasten skel,
mynhear pastoar stiek op syn stêf…
elk seach en harke nei de rûs.

It wie elk oan te sjen,
de nekke dy’t de holle droech,
de noastergatten withoeheech,
de eagen mei in frjemde glâns,
gjin mins wie wurch of sleau of slûch,
wol dwyl, dit sicht foel harren dreech,
se rekken suver út balâns
as gie it doarp hjoed noch ferlern.

Mar mynhear pastoar liet witte:
‘It is ’t merakel fan Marije,
sy mei ús doarp wol lije.’

* Roméo Dumoulin (1883-1944)
wie in Belgyske skilder en litograaf,
dy’t in eigen printerij yn Brussel hie
Skilderij ‘Yn de loftballon’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum