Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei de deade see

Keunst
PDF Print E-mail
fan Paul Nash*

De striid set fleanend heech útein
mei trommeroffel en trompet,
dy’t opklimt nei de heechste toan,
de grinzen oer jildt dan as wet,
der is gjin hâlden oan.

De loftmacht fleach oer lân en see,
it ronken klonk as marsmuzyk,
de hichte like op in troan,
de grinzen oer foar ’t grutte ryk,
der wie gjin hâlden oan.

De delgong komt dan ûnferwacht
mei ’t hege fluitsjen fan de dea,
de lichte leit by nachtljocht ree,
de grins oer mei de lêste bea,
dêr is de deade see.

Image

* Paul Nash (1889-1946)
Skilderij ‘Deade see’

 

admin

Sûnder beurs

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Hy koe har meitsje sa’t er woe:
mei rjochte rêch of krom op bêd,
it wie mar oft se lei of stie,
mar mei de beurs wist er gjin rie.

Image

Foarnaam stie Saskia derop,
earst mei in ponge oan de earm,
de beurs dy’t paste by har klean,
it moast har as prinsesse stean.

Mar doe’t it stean net goed mear woe
en lizzen bleau allinnich oer,
seach hy de beurs wer op ’t portret
en wist: ‘Dit past myn leafste net.’

Image

Hy skildere út piëteit
de rjochterearm mei ponge oer,
yn styl bleau Saskia dêr stean,
hy hat net op har libben bean.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Portret fan Saskia’
Tekening ‘Saskia op bêd’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum