Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frije tiid

Keunst
PDF Print E-mail
fan James Tissot*
fan Walter Sickert**

Image

Natuerlik byld fan blêd en fiver,
sitte, hingje, langút lizze mei
in picknick en in swiet petear,
genietsjend fan in frije dei
nei in wike fol fan iver.

Yn de natuer kin soks wol lije,
elk kin libje nei it eigen aard.

By ’t keunstbyld oan de giele muorren
hingje man en frou in heale snein,
want beide ha gjin praat;
de dei krûpt stadich nei de ein,
hat in ivichheid hjoed duorre.

It is gjin keunst om sa te lijen,
wat stadich sleept nei libbenshaat.

Image

* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘De picknick’

* Walter Sickert (1860-1942)
Skilderij ‘Ferfeli

admin

Ko tusken hynders

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pierre-Auguste Renoir*

Image

Se wiene oer de brêge kommen
mei de spoartrein út Parys
lykas moderne hearen paste,
op ‘e Seine gie it om de priis,
mei ’t iten waard har dei ferromme.

Elk wie in master yn it roeien,
mar it moast wol tagelyk
lykas it mei de riemen paste,
op ‘e Seine fielden se har ryk,
nei ’t drinken soe de holle gloeie.

De dames sieten by de hearen,
ek Aline Charigot**,
in naaister, oars as dames paste,
lykas hynders by in bûnte ko,
dochs soe Aline’s lot ea  keare.

* Pierre-Auguste Renoir (1841-1919)
Skilderij ‘De lunch fan de roeiers’

** Aline Charigot, links op ‘e foargrûn,
is yn 1890 mei Renoir troud

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum