november 15, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
Tsjinst op 9 novimber 2008 op De Jouwer
1. Tarissing 2. Sjonge 3. Ynlieding op ‘e tsjinst Mar dochs… Ik siet oan alle kant yn ’t lijen… Kom minsken, gean út Babel wei, nei hûs. Fan hûs en nei hûs, 4. Sjonge
5. Bea Us Heit, dy’t stiet foar it wurk Wy witte dat in protte fan it wurk Wylst hjir it wurd fan de sterkste Wylst hjir de ynklauwers op ‘e beurzen Us Heit, wy wolle wol witte Wy bidde mei ynmoed Wy bidde mei ynmoed Wy bidde mei ynmoed Want jo heil rint nei de úteinen fan de wrâld, 6. Lêze 7. Sjonge 8. Lêze 9. Sjonge Jona, fûgel fan de frede, Jona, fisk yn ’t wâljend wetter, Jona, ropper yn de strjitten, 10. Ferkundiging 1 De skiednis sit grôtfol mei ballingen. Wat tinkt jim fan de miljoenen negers dy’t ûnder minskûnweardige omstannichheden út Afrika fierd binne om har fierdere libben yn Amearika as slaaf te bodzjen. Troch geweld ferfrjemde… Wat tinkt jim fan de tûzenen Joaden dy’t yn 586 foar Kristus troch kening Nebukadnezar fan Babylonië nei it easten fierd binne. Troch geweld ferfrjemde… As wy dan de skiednis fierder trochgean, foarút, dan witte wy ek dat de negerslaven yn 1863 harren frijheid weromkrigen ha. En dat Martin Luther King in dream hie foar alle negerbern. En dat de donkerhûdige Barack Obama presidint wurden is fan de Feriene Steaten fan Amearika. As wy dan útkomme by de Twadde Wrâldoarloch, dan wurde wy stil, Jesaja, want wêr wie it heil foar de seis miljoen dy’t yn de kampen omkommen binne? Hoefolle bern wiene dêr wol net by? As de sânkerrels… Wat seist, Jesaja? Dat it folk fan God nei de Twadde Wrâldoarloch út alle hoeken fan de ierde weromkommen is nei Israel. Ut ‘e ballingskip werom nei hûs, nei de Toara, it libbene wetter. In tiid fan heil. En wat hast oer ús te sizzen, Jesaja, wy dy’t soms ek ballingen binne? Dat sykte, rou en iensumens net it lêste wurd ha, mar dat wy thúskomme meie yn in libben dêr’t wy wer heil yn sjogge, ek al wurde wy net wer better en bliuwt it gemis. Hoefolle minsken hawwe der wol net west, ek yn dizze gemeente, dy’t dêr it ljochtsjende foarbyld fan wiene of noch binne. Miskien bisto der sels wol ien fan. In minske dêr’t oaren har by thúsfiele, omdatsto sels thúskommen bist út dyn eigen ballingskip wei en libbest boppe dyn sykte en gemis út. In minske fan heil, in hiel minske. 11. Sjonge De Hear rôp op syn feint Jesaja: 12. Ferkundiging 2 Wy geane fan de achtste ieu foar Kristus werom nei ús eigen tiid en harkje op ‘e nij nei it Jonaferhaal: Hjir stiet er hjoed foar jim, ien fan de Jona’s fan 2008, dy’t him ferskûle yn de see fan minsken. Hied er dan nei Wallstreet moatten? Wa wit, mar hy hat ek amper in oare aksje ûndernommen. Gjin e-mail mei in protest nei it Wite Hûs stjoerd, gjin petear oanfrege mei ûnderkening Balkenende of gewoanwei in protestmars organisearre, earst fan hûs ôf en oan de ein fan de dei wer op hûs oan. Want dat binne de beide rûtes dy’t wy yn ús libben folgje moatte: fan en nei hûs ta. En ast siik, handicapt of âld oan hûs bûn bist? Dan noch kinst mei dyn hâlding en wize wurden oaren sa ynspirearje dat sy dy de wrâld oerbringe. Fleanend as in do fan hûs en weromkommend mei it wurd fan Jesaja: de Heare jout heil. 13. Sjonge De Hear rôp op syn tsjinstfeint Jona: 14. Us Heit 15. Sjonge Ik fiel Jins wyn hjoed waaien, God, De triennen dy’t ik skrieme moast, O, lit my nea ferjitte, Hear, 16. Seine 17. Sjonge
|
november 15, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
Tsjinst op 28 septimber 2008 yn Itens![]() 1. Yntochtsliet Sjoch, de tsjerke2. Fotum Wy binne fan ‘e moarn by elkoar kommen om kening Saul hinne, waans namme de twivel werjout. Yn ús eigen twivel roppe wy oan de namme fan ‘Ik bin dy’t Ik bin’, de Heit fan de Minskesoan dy’t ús foargiet it libben troch, de Ivige dy’t de Geast streame lit oant yn ivichheid Amen 3. Bemoediging Liet ‘Gebed foar de wrâld”: 4, 5 en 10 5. Skriftlêzing 6. Liet nei de skriftlêzing 7. Skriftlêzing 8. Liet nei de sktriftlêzing 9. Ferkundiging Part 1: Sauls ropping Ik wol wol earlik wêze, ik ha te dwaan mei Saul. Of om it oars te sizzen: Saul is my sympatyk. Wat de ezels oanbelanget, kriget er fan sjenner Samuël de rie om dêr net langer oer yn te sitten. In ezel stiet foar it lichaamlike. Dus Saul, it lichem, dêr giet it net om, temninste net yn relaasje mei dyn ropping, de salve dyst oer de holle krigest.
Tsjin alle twivel yn is Saul kening wurden. Kening nêst God en kening sûnder God. Hy moat fjochtsje en dat giet him yn syn earste striid tsjin Nachasj, de Slangekening fan de Ammoniten, mar bêst ôf. Nachasj wol Jabes yn it noarden fan Kanaän ynnimme en as dat slagge is, sil er de ynwenners syn gif yn it rjochtereach spuitsje. Sy sille mei oare wurden it rjochtereach misse moatte, it sicht op it goede libben mei de Toara. Dan komt it twadde leger boppe de kym, dat fan de Filistinen mei in reus fan in keardel. En Saul giet mei syn folk harren yn de mjitte. As er de reus sjocht en heart, slacht de twivel ta. Mar kin ik dit wol oan? Mar God jout it net sa gau op, want Hy wie by syn folk yn de woestyn en seach dat de Amalekiten, it prestaasjefolk, de achterhoede mei frouwen en bern oanfoel. Dy mentaliteit-troch-alles-hinne moast folslein útroege wurde. En wa soe dat oars dwaan moatte as de kening fan Israel? Liet ‘Saul sjocht op himsels werom’: 4 en 5 Part 3: Sauls depresje Noch ien kear besiket God it mei Saul, no net mear as kening, mar as minske. Hy kriget in geskink, syn soan Jonatan, syn namme betsjut: de Ivige skinkt. En sjoch no ris wat der bart: de soan fan Sha-oel, de freegjende, slút freonskip mei David, de leaflike, de entûsjaste hoeder-keunstner, dy’t antwurd jout. Jonatan wurdt de middeler tusken syn heit en syn freon, de eks-kening en de kening-fan-de-takomst. Is dat net in geskink fan God? No moat it wol klear komme. As nei de oarloch mei de Filistinen Saul en David yn in feestlike optocht tasongen wurde troch it folk, dan wâlet it inerlike folk troch Saul hinne: jaloerskens en grime. Hy ferliest de oarloch tsjin de kweade geast yn him en rint roppend en razend yn de hûs om. In psychoaze dy’t opflammet yn de jiske fan de depressy. Saul, de eks-kening, is ek net langer kening oer syn inerlik folk. Mar dochs, ik ha mei Saul te dwaan. De twiveler, dy’t as kening de ferantwurdlikheid op him nommen hat, antwurd jûn hat op Gods ropping, kin dy no noch antwurd jaan? In depressyf minske hat inkeld fragen dy’t sinleas lykje. Is it net sa, Sha-oel? In depressive wrâld Hoe kinne wy it dan dochs rêde? David mei syn liere komme litte. Net letterlik, mar wol yn de sin fan iepenstean foar syn muzyk: it entûsjasme dy’t fan de geast fan God útgiet, opheine en talitte yn ús inerlik folk fan mentaliteiten. En sjoch wat der dan bart: wy wurde net allinnich roppen ta kening oer dat folk, mar wy binne dat ek. Lykas David, de libbenskeunstner, amman, dus ek… Amen Liet ‘Saul sjocht op himsels werom’: 6. 7 en 8 10. Kofjeskoft 11. Liet op eigen libben 12. Gebed Lit ús net falle yn de depresje fan it lege neat, Wy freegje dat amman en amen ta in ienheid wurde, Wy bidde foar alle siken fan geast, 13. Seine Wy geane no de wrâld yn 13. Slotliet |