Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Reesj

Religy
PDF Print E-mail
Image

De minske, fan de wrâld ôfsletten,
eagen ticht, de holle licht foaroer,
hat weet fan plak noch doer,
ferleit yn ’t inerlik syn swetten.

It is as sit er stil te sliepen
wylst er fan it grut hielal net wit
en alles glide lit,
mar wrâlden geane foar him iepen.

Bedjipjend taast er nei de lichte
yn in dialooch mei elk gesicht
en rikkend krijt er sicht
op wat him tastreamt út ‘e hichte.

Image

Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf, Lamed, Mem, Noen, Samech, Ajin,
Pee, Tsadi, Koef

admin

Koef

Religy
PDF Print E-mail
Image

Wat godlik is, leit djip beskûle
yn de kearn dy’t gloeit as fonk,
de skyl slút der omhinne,
dat gjin slang fynt dêr syn honk.

De libbensbeam hat hege doelen,
ripe fruchten op ‘en paad
mei fonken dy’t allinne
ljochtsje neffens harren aard.

Twa fruchten litte har ferbine,
barmhertigens en it ferstân,
wa’t dêrfan yt, sil rinne
streekljocht nei ’t beloofde lân.

Wat godlik blinkt, is dêr te finen,
de boarne by de libbensbeam,
de fonken sille ’t winne
fan de skyl, ien yn de stream.

Image

Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf, Lamed, Mem, Noen, Samech, Ajin,
Pee, Tsadi

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum