november 21, 2016
Hy hie ’t net earder yn de gaten,
want hy rûtste alle dagen troch
en keas itselde hazzepaad
troch waar en wyn nei ’t hastich aard,
gjin tiid om oer ’t klimaat te praten.
It kaam by tongerslach opsetten,
earst de wyn, dêr achteroan it waar
mei stjalprein troch de hiele dei,
sadat it paadsje rekke wei
en delslein waard it hazzefretten.
Dêr siet er op ’e hege kade,
dweiltrochwiet, de earen achteroer,
omdat der gjin foarútsicht wie;
hy wist him mei ’t klimaat gjin rie,
it praat gie inkeld oer de paden.
De paden stiene ûnder wetter,
dat gjin wei rûn nei in kâld klimaat,
sadat it grif noch wieter waard;
hy striek him droech, it wie syn aard
fan hastich tinke: ’t waard wol better.
november 21, 2016
Genesis 21, 1-7
Wize: Liet 440 út it Lieteboek foar de tsjerken
Gjin twivel mear, hy sil gau komme,
it lange wachtsjen is foarby,
it gnyskjen is de mem ûntnommen,
it folút laitsjen stiet har frij,
it berntsje krijt in skoander plak,
dus laket elk foar Izaäk.
Gjin twivel, fan it boarst ôfkomme,
de tosken dogge no it wurk,
foar ’t jonkje wurdt de wrâld ferromme,
hy libbet ûnder ’t wide swurk,
it gnyskjen makket him net kjel,
hy is te jong foar Ismael.
As memmesoan is hy allinne
en fantasearret him in maat,
hy boartet hoeder yn de sinne
en bringt in lamke yn it skaad,
dus krijt it dier in skoander plak,
sa is de aard fan Izaäk.
As heitesoan moat hy meirinne
de berch op, sa giet it omheech
oant heit en soan der einlings binne,
it offermes slacht net omleech,
in raam komt foar him yn it plak,
dus laitsje heit en Izaäk.
Sjoch ek: Religy Tsjinst fan twa healbroers