november 28, 2016
Ik stie sneon mei de mûle iepen
yn it sintrum fan De Haach
doe’t Hy stie yn de midden
fan it demonstrearjend folk;
it bleau foarearst de fraach
oft ik dêr dreamend stie te sliepen.
It folk hie dat net yn de gaten,
ik bedoel dat Hy it wie,
Hy stie dêr net te bidden,
ek net yn in ljochte wolk;
ik wist my noch gjin rie,
faaks koe ik efkes mei Him prate.
Mei ’t folk begûn Er op te rinnen,
tusken blyn, reumatysk, mank,
Hy hie in boerd yn hannen:
SOARCH FOAR AL DIT EARME FOLK
foar swart en brún en blank…
’k wie út ’e rie en rûn derhinne.
‘Mynhear, ik hie Jo net ferwachte
tusken al dit reade folk.’
Hy sei: ‘Ik bin foar plannen,
rjochte op ’e earmen, want
foar harren bliuw Ik tolk.’
Ik wist syn rie: gean troch tsjin machten.
november 27, 2016
fan ûnbekend*
Hoefolle mûlen hawwe iten
troch de dagen hinne, jierren lang,
gjin tút kaam op it bernewang,
se moasten yn in woartel bite.
Hoefolle hantsjes hawwe wrotten
foar’t de woartels kamen út ’e grûn;
wat’t bûten wurke, libbe sûn,
waard sein, mar hie wol wurge fuotten.
Hoefolle oeren lieten bazen
wurkje yn de myn of it fabryk
oant berntsjes eagen as in lyk,
in misstân om it út te razen.
Hoefolle jierren moast it duorje
foar’t Van Houten** skreau in bernewet,
it bern waard yn de romte set…
it mocht noch wol de dieren fuorje.
Hoefolle ha it net belibbe
dat de skoalle waard it berneplak
om ta te rieden op in fak,
sy telden inkeld mar de ribben.
* Foto ‘Jonges yn in tekstylfabryk’
** Minister Van Houten tsjinne
yn 1874 de wet op it bernewurk yn