Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De wiere optimist

Lyrysk Deiboek

It berne-aard is optimistysk:
troch wolken hinne skynt de sinne,
oer it wiet strykt altyd wyn,
in koeltsje hâldt de gong deryn
om eigen stiltes te oerwinnen.

Mar as de wyn ynienen útsjit,
de skoat te fêst sit om te fieren,
’t wetter oer de râne rint,
it bearen ’t fan de stilte wint,
dan kin gjin kleur de boat fersiere.

De kleuren lizze yn it wetter,
de optimist stekt op de holle,
ropt de help yn fan stand-by,
dy’t hieltyd rekket yn de draai,
it weaget sa al gau tefolle.

Sjoch, beide bliuwe optimistysk,
om’t sy elkoar al langer kenne,
komt de optimist wiswier
oerein mei yn it seil it wier…
moarn wurdt de wiere siler berne.

admin

Kroanprins Alexander

Skiednisbylden

fan Jean-Baptiste van der Hulst*
fan ûnbekend**

Sjedêr de heit en omke op ’t portret
as stoere knapen mei ’t gewear,
heit Willem mei in sketten ein,
de hûn stiet rjocht foar omke klear,
mar sa wie Alexander net.

Hy koe net oer it sjitten fan in ein
en wat sei him in jagershûn,
hy hold it leafst in skjinne broek
en fielde him by boeken sûn
en sterk, waard siik fan stoarm en rein.

De dea siet him betiid al achternei:
twa broers ferstoaren, doe waard hy
de kroanprins, healwei ’t spannend boek
rûn nije spanning net foarby
syn binnenlibben, nacht en dei.

Hy klamme him oan mem har kiste fêst,
seach letter hoe’t de dea him wonk,
wylst heit rêst hie yn Switserlân;
gjin trien dy’t yn de eagen blonk,
ferlost wie elk fan leed en lêst.

* Jean-Baptiste van der Hulst (1790-1862)
Skilderij ‘Portret fan erfprins Willem
en prins Alexander, bern fan kening Willem II’

** Foto ‘Kroanprins Alexander’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum