december 9, 2016
Ut it skûtsje-argyf 2004
De Pikmar út ’e hichte wei,
Doarp Grou as twadde heal te sjen,
de skûtsjes sile op ’e earste dei
de Tynje yn, gjin útsicht giet ferlern.
Sa op ’e knibbels oan it roer
bidt Berend* foar it earste plak,
it kin, ’t meniskusdrama is hast oer,
hy krige fan de goaden syn gerak.
Dus op ’e knibbels op it dek
bringt hy de himel ek syn tank,
gjin kombinaasje is him hjoed te gek:
it offerrikjen makket him faaks slank.
Spiritualiteit foarop
Doarp Grou, se hâlde deroan fêst
lykas de skipper, ’t skûtsje sylt foar top,
út hout en koppen sprekt folsleine rêst.
De seine út ’e hichte wei,
dus sylt Doarp Grou nei ’t earste plak,
it draaien fan de knibbels holp ek mei
en ’t meditearjen yn it lêste rak.
* Berend Mink
december 8, 2016
fan William Turner*
Sjedêr wat oerbleaun is
fan sultan Tippoo’s poarte,
yn Britsk Ynje wiid ferneamd,
it giet úteinlik mis
as fûl it bloed fan blanken streamt.
Gjin wetter hâldt it tsjin,
it weaget oer de baren,
krûpt wêr’t it net komme mei,
is út op frjemd gewin
en giet kanonreek achternei.
De skotten klinke fier
en sjonge fan de sege
heech en leech: ‘God save the queen!’
Mei tûzen man yn ’t spier
is ’t by de poarte al gau dien.
Fuort mei it frjemde bloed,
it Britske wol it weagje
mei geweld: ‘It rûles the waves!’
Is Tippoo’s folk yn noed?
Wat oerbliuwt, krije se fergees.
* William Turner (1775-1851)
Untwerp foar it skilderij
‘De poarte as ferbliuw fan Tippoo’