februari 3, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2004
In twirke, flaachje en ek neat,
de wyn gie leaver lizzen,
wurch fan al dat sinnewaar,
dat op De Lemmer rûn gjin baar
oer ’t strân, wol folk fierhinne bleat,
de skippers hiene neat te sizzen.
Se dreauwen yn de Lemster baai
as lamme wetterfûgels,
alle fjirtjin troch elkoar,
de iene skampte sleau de oar,
se krigen tagelyk de draai,
fan bûten kalm, ynwindich kûgelsk.
Foar ‘Oeral thús’ begûn it bêst,
sels op it Lemster wetter
wie er yn syn elemint,
mar oeral wêr’t ien neaken rint,
wurdt soms de earste alderlêst,
gefoelens reitsje op ’e kletter.
februari 2, 2017
fan Fernand Khnopff*
Sjedêr myn suster Marguerite,
foar my mystearje as model,
sy joech har by it masker del,
dy twa sjoch ik as favoryt.
Refleksje hat sy op it each,
dat nei it bleke masker sjocht,
sy fielt him oan, wat hy al tocht,
dy beide driuwe op ien weach.
Hy seit itselde as har lea
fertelle oer wat komme sil,
de mûlen hâlde har deastil
en ha gjin sin oan ’t deistich brea.
Sjedêr it hieljend hospitaal,
de mûle iepen, sa’t it heart,
refleksje fan de mins dy’t stjert…
fertelde ’t masker dat ferhaal?
Myn leave suster Marguerite,
’t mystearje is no ienkear rûn,
in minske is it leafste sûn…
do rekkest hjoed dyn masker kwyt.
* Fernand Khnopff (1858-1921)
Tekeningen ‘Secret-Reflet’