Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skoallestriid

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Se sieten op deselde fyts
en trapen ritmysk op en del,
de protestant en katolyk,
de kant út fan bysûnder ûnderwiis.
‘Jou jild en frijheid,’ wie de yell,
‘dan binne wy oan iepenbier gelyk!’
De liberaal fûn soks in griis.

In oanslach op it kapitaal
en op ’e ienheid fan de steat,
betocht de frije liberaal,
se fytse streekrjocht nei luilekkerlân,
foar ’t ryk is ’t op ’e kop ferkeard,
se geane mei de frijheid oan de haal,
doch rap in oanslach op ’e bân.

De tandem kriich gjin lekke bân,
de dûmny en mynhear pastoar,
sy trapen lekker ritmysk troch
de kant út fan bysûnder ûnderwiis
oant berntsjes songen bliid yn koar:
‘Us roomske skoalle kaam der net omdoch,
mar dochs juf non is âld en griis.’

 * Spotprint ‘De tandem yn de polityk’

** Foto fan in roomsk-katolike (beuker)klasse

admin

Dûbele moeting

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Foar Marije wie ’t in rite
fan ferwachting, twivel, lok
en tagelyk ek sûnder rêst,
mar thús hie sy it net sa drok,
dus gie sy op besite.

Nicht Elisabet ferwachte
ek in soan, lykas foarsein,
sy wie al âld en yn de rêst,
har libben rûn al nei de ein,
dochs waard sy weardich achte.

Sjoch de moeting fan twa frouwen,
in âld mins en in jongfaam,
de iene earst, de oare lêst,
sy wisten hoe’t it letter kaam,
de takomst joech fertrouwen.

Nicht Elisabet koe fiele
de reaksje fan har soan,
ferwurde ’t lok it alderbêst:
‘Mem fan de Hear kaam by ús oan
om sa ’t gefoel te dielen.’

* Detail ‘Lijensalter’
yn de St-Jan te Den Bosch

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum