januari 26, 2017
Se steane withoelang al
tusken dyk en feart
te wachtsjen op ferdivedaasje,
simmerdeis heech yn de bol,
mar yn de winter keal, want skeard.
Wat oerbliuwt, is de romp dy’t
bûcht foar wat noch komt
oer mar en feart mei swier en faasje,
as it rûnom strielet wyt
fan snie en ryp, mar hjoed noch bromt…
… in rider oer de dyk mei
kromme rêch, de kop
foaroer, in grut tekoart oan graasje;
achttjin rompen sjogge nei
syn rydstyl, hâlde heech it krop.
januari 25, 2017
fan ûnbekend*
It wie safier, sjedêr de soan
troch ingel Gabriël foarsein,
foar Sacharias net te leauwen;
party gasten kamen oan,
it wie de blidens dy’t sy preauwen.
De achtste dei wie it wer drok,
de heit droech doe syn soantsje, want
de wet skreau foar om te besnijen;
gasten krigen wol in skok:
soe ’t bern in oare namme krije?
Jehannes, sa hie Gabriël
it sein en sa sei ek de mem,
de heit woe it dêrnei opskriuwe,
trije kear wie ’t bern yn tel,
de namme soe Jehannes bliuwe.
Nei ’t skriuwen joech de heit wer lûd:
‘Ik loovje God, jou Him de ear,
ús soan sil elkenien fernije
dat der komt in kear, foargoed
sil Davids Soan it folk befrije.’
* Skilderij ‘Prystersoan berne’