Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jan Smeekes

Lyrysk Deiboek

Wat is rjocht en wat ferkeard?
It leit him oan de tiid,
noch folle koarter as in tel,
it is de tiid fan fûle striid
en letter lang de hel.

Jierren is er noch ferslein
oer minder as in reed,
want folle langer wie it net,
dus wie it like lang as breed:
de tiid joech oan de wet.

Hat it net de oanstjit jûn
ta tiden fan ferset
tsjin lit de tiid mar fierder gean?
De reed is langer, komt te let,
dus ek de grutte tean.

Mar de hakke hat it ret,
kaam earder yn in flits
de streek oer: elkenien ferslein;
Jan Smeekes, kampioen út Snits,
trochsetter oant de ein.

admin

Nei kening Gorilla Wilhelmina

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan Otto Eerelman**

Fuort mei de monargy
en gjin gorilla op ’e troan,
sa woene ha de sosjalisten,
kening-aap hie it bedoarn,
hy hearde thús by wylde bisten.

Behâld de monargy
foar ’t folk, ús dochter op ’e troan,
liet Emma, regentes, doe witte,
sy fertsjinnet grif de kroan,
sil Nederlân wer bloeie litte.

De striel fan de fontein
spat oer de koets rojaal it ljocht
foar Wilhelmina, keninginne
fan mar achttjin, mar mei rjocht,
emansipaasje fan foarhinne.

Gjin oare frou te sjen,
de manlju slaan foar master op,
wêr bliuwe no de sosjalisten?
Apen hawwe heech it krop
op hynders dy’t dit lang al wisten.

* Brosjuere ‘Ut it libben fan Kening Gorilla’

** Otto Eerelman (1839-1926)
Skilderij ‘Yntocht fan keninginne Wilhelmina
op 5 septimber 1898’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum